NVJ fynt straf LC te fier gean

27 feb 2004 - 00:00

De Nederlandse Vereniging van Journalisten, de NVJ, fynt de straf dy't de Ljouwerter Krante krigen hat fan 'e rjochtbank te fier gean. Fotografen fan 'e Ljouwerter meie in heal jier lang gjin foto's yn de rjochtbank meitsje.

De LC hat de sanksje krigen omdat de krante in foto pleatste, wêrop de ûntfierder fan Lusanne te sjen is. De NVJ tinkt net dat de advokaat fan 'e ûntfierder de krante wat meitsje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)