NVB Vermeulen krimpt yn

14 nov 2003 - 00:00

By de Ljouwerter festiging fan boumaterialeleveransier NVB Vermeulen ferdwine fiif arbeidsplakken. It giet om fiif meiwurkers fan de showroom. Dy krije dien omdat der minder minsken nei dy showroom komme. Dat hat te krijen mei de ekonomyske delgong, wêrtroch't minder boud wurdt.

Direkteur Van Rijs ferwachtet net dat de situaasje takom jier better wurdt. Wol jout er de fersekering dat it by dizze fiif ûntslaggen bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)