Nuttige ynfo by meldpunt CDA

06 mrt 2004 - 00:00

It rint gjin stoarm, mar dochs krijt it CDA-Fryslân nuttige ynformaasje fan minsken dy't har melde by it provinsjale meldpunt fan de partij. By it meldpunt kinne minsken reagearje op it belied fan it kabinet Balkenende.

Sa'n 30 minsken ha har oant no ta melden. Dat binne foaral minsken dy't yn de wao of bystân sitte en it no troch de besunigingen noch folle swierder krije. It meldpunt is sûnt 13 febrewaris te berikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)