Nut en needsaak wynenerzjy

30 maaie 2013 - 12:17
  • Wynturbine

It ryk moat nut en needsaak fan wynenerzjy better bekend meitsje. Dat skriuwt de provinsje yn in brief oan it regear. Oanlieding is de struktuerfyzje dy't it ryk op it stuit makket en dêr't de plannen foar it ûntwikkeljen fan wynenerzjy yn beskreaun stean.

Neffens de provinsje hat it ryk it der benammen oer dat wynenerzjy finansjeel fertuten docht. Mar der soe ek dúdlik by stean moatte dat wynenerzjy ien fan de meast duorsume foarmen fan enerzjy is. As it ryk dêr hiel dúdlik oer is, kin dat oare oerheden helpe by it meitsjen fan plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)