'Nuonjild as garânsje'

14 jan 2013 - 21:05
  • Ynstallaasje Gerbrandy
  • Gerben Gerbrandy by syn ynstallaasje ta boargemaster (foto: Binne-Louw Katsma)

De provinsje Fryslân moat mei help fan it Nuonjild garant stean foar ynvestearrings troch wenningboukorporaasjes. Op dy wize soe de bouwrâld troch de krisis holpen wurde kinne. Dat sei Gerben Gerbrandy, de nije boargemaster fan Achtkarspelen, moandeitejûn by syn ynstallaasje.

Yn de gemeente binne in protte boubedriuwen festige, en dy wurde swier troffen troch de krisis. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma fynt it in aardich plan, en seit der nei te sjen, as de planfoarming oer de Nuonjilden op tafel komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)