NUON-oandielen nei Noard-Hollân

04 okt 2006 - 13:21

De provinsje Fryslân hat oerienstimming berikt mei de provinsje Noard-Hollân oer de ferkeap fan de NUON oandielen. Mei it akkoart krijt Fryslân in bedrach yn hannen dat neffens deputearre Jan Ploeg boppe de ien miljard euro leit.

De provinsje Noard-Hollân hie earder al sein dat der ûnderhannele waard mei Fryslân oer dy oandielen, mar oant no ta hie deputearrePloeg dêr noch neat oer los litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)