NUON-jild nei topsektoaren

22 maaie 2013 - 21:15

Fryslân moat mear ynsette op de eigen topsektoaren: wetter, enerzjy en ynnovaasje. De Friezen binne deryn fierstente beskieden en dat sit harren yn it paad. Dat wie woansdei it boadskip fan foarsitter Wientjes fan VNO-NCW yn de Rede fan Fryslân.

Yn de Rede fan Fryslân wurdt alle jierren in promininte Nederlanner frege om syn of har miening te jaan oer de kânsen foar Fryslân. Neffens Wientjes sitte dy kânsen yn de topsektoaren. Ek soene neffens him de NUON-jilden fan de provinsje brûkt wurde moatte om krekt dizze sektoaren te stypjen.

De Rede fan Fryslân waard dit jier foar de twadde kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)