'NUON-jild nei it MKB'

16 jun 2013 - 12:12

Der moat tweintich miljoen euro út de NUON-jilden komme foar de MKB-bedriuwen yn Fryslân. Dat seit direkteur Ger Jaarsma fan de Kredytbank yn Ljouwert. De bedriuwen yn it midden -en lytsbedriuw hawwe it yn de ekonomyske krisis hiel dreech. Hieltyd mear ûndernimmings geane fallyt. Dat is yn in soad gefallen net nedich, want in soad bedriuwen soene holpen wêze mei in oerbrêgingskredyt. Omdat gewoane banken dat kredyt net jaan wolle, moatte de Kredytbank en de provinsje dat dwaan, seit Jaarsma.

De steatefraksje fan de PvdA stiet achter it idee fan de Kredytbank. De partij wol al op koarte termyn jild frijmeitsje foar it MKB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)