Nuon-jild frege foar tsjerken

02 sep 2013 - 07:40
  • Tsjerke Hylpen

De Stichting Behâld Tsjerklike Gebouwen yn Fryslân tsjinnet moandei in subsydzje-oanfraach yn by de provinsje. De stichting freget 1,3 miljoen euro subsydzje foar it opknappen fan 19 Fryske tsjerken.

De Stichting hopet dêrfoar in diel fan de Nuon-jilden te krijen. Guon tsjerken moatte hielendal opknapt wurde lykas yn Stiensgea en Hylpen, by oaren giet it om it oargel, in muorre of de toer, lykas yn Wolsum, Dearsum en Earnewâld. By in soad tsjerken giet it om it ôfmeitsjen fan eardere restauraasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)