Nunspeet - Harkemase Boys: 2 - 3

16 apr 2005 - 18:26

Harkemase Boys begûn sneon slap oan de útwedstriid yn Nunspeet en stie al foar rêst mei 0-2 achter. Lútzen Hogenberg die wat werom: 2-1. Nei de rêst kamen de Harekieten los. Tony Alberda en Anton Jongsma soargen foar 2-2 en 2-3.

Troch de oerwinning steane de Boys no op it twadde plak fan 'e Haadklasse C. Ferdigener Wierd Kuiper makke bekend dat er noch in jier trochgiet by de Harkemase Boys. Anton Jongsma hat foar twa jier bytekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)