Nûmers foar solodebút Timmer

19 jul 2004 - 16:52

Mirjam Timmer hat al 16 nûmers op 'e planke te lizzen foar har debút-cd. Ek wurket de âld-sjongeres fan Twarres noch oan in tal nûmers. Ynkoarten wurdt dúdlik watfoar nûmers op de earste solo cd komme. De studio-opnames begjinne nei alle gedachten yn augustus. Mooglik wurdt in part yn Ingelân opnaam.

Mirjam Timmer jout yn desimber yn it ramt fan it projekt Wereldwijven trije akoestyske konserten yn Utrecht, Maastricht en Enschede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)