Numerike domynnammen weromjûn

24 mrt 2008 - 12:18
  • De ûndernimmers jouwe 1700 domynnammen werom

Fjouwer Fryske ûndernimmers dy't 2600 saneamde numerike domynnammen registrearre hawwe, jouwe dêrfan 1700 werom oan de stifting SIDN. De útjouwer fan de ynternetadressen fynt dat de ûndernimmers net earlik oan de út sifers besteande domynnammen kaam binne. Se hawwe by it registrearjen de kompjûters fan SIDN safolle belêste dat konkurrinten gjin numerike domynnammen fêstlizze koene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)