Nuis wint 1000, Mulder oan kop

28 feb 2014 - 22:31
  • Kjeld Nuis

Wrâld- en Olympysk kampioen Michel Mulder giet nei de earste dei fan it NK sprint oan de lieding. Hy wûn de 500 meter en waard fjirde op de 1000 meter. Dy ôfstân waard wûn troch Kjeld Nuis yn 1.11.11. Thomas Krol waard twadde, Hein Otterspeer tredde. Nuis stiet twadde yn de tuskenstân, Otterspeer tredde. Jan Smeekens begjint sneon op de fjirde plak oan de twadde dei en Jesper Hospes as sânde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)