Nuis rydt baanrekôr op 1000 m

02 nov 2014 - 14:13
  • Kjeld Nuis

Kjeld Nuis hat snein op de 1000 meter by de NK ôfstannen yn Thialf in nij wrâldrekôr op in 'laaglandbaan' yn de boeken set. De rider fan de Lotto-Jumbo ploech sette in geweldige tiid fan 1.08,25 op it boerd en skerpe dêrmei it baanrekôr fan de Amerikaan Shani Davis mei 0,14 sekonden oan. It sulver wie foar Stefan Groothuis mei 1.08,56. Koen Verweij pakte it brûns mei 1.09,16.

Sjoerd de Vries fan Twellingea koe gjin potten brekke en einige mei syn tiid fan 1.10,45 op it tsiende plak.

It is de tredde titel op rige foar Nuis op de 1000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)