Nuis pakt titel op 1500 meter

10 nov 2012 - 16:28
  • Kjeld Nuis

Kjeld Nuis hat sneon de 1500 meter op syn namme skreaun by it NK ôfstannen yn Thialf. Mei in tiid fan 1.46.74 wie de rider fan Brand Loyalty de bêste. Renz Rotteveel waard twadde yn 1.47.22. It tredde plak wie foar Maurice Vriend yn in tiid fan 1.47.66.

De 1500 meter einige yn in domper foar Koen Verweij, dy't mei in tiid fan 1.45.79 fierwei de rapste wie. Verweij waard lykwols diskwalifisearre nei't er Pim Schipper hindere by de
krusing.

Bêste Fries wie Sjoerd de Vries fan Twellingea, dy't mei 1.48.55 teloarstellend achtste waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)