NS dwers oer parkearplak B'post

07 nov 2003 - 00:00

De fraksjes fan CDA en PvdA yn Achtkarspelen binne slim teloarsteld yn de NS. Dy wol net meibetelje oan in oplossing foar de parkearproblemen by it stasjon yn Bûtenpost. De kosten komme foar rekken fan de gemeente.

De gemeente wol fan it âlde ranzjear- terrein by it stasjon in parkearterrein foar sawat hûndert auto meitsje. De NS wol it terrein net ferkeapje, mar wol ferhiere. Dat kostet Achtkarspelen dan alle jierren fjouwer euro de kante meter

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)