Novolectriq ferlit Ljouwert

14 feb 2011 - 13:39

It bedriuw Novolectriq, dat yn 2010 mei in soad tamtam nei Ljouwert helle waard, hâldt op mei it ûntwikkeljen fan elektryske auto's yn Ljouwert. Alle aktiviteiten wurde ferpleatst nei Oosterhout yn Brabân. De reden soe wêze dat it bedriuw in nij bedriuwsplan opsteld hat. Dêryn soe de lokaasje yn Ljouwert net langer passe.

Dat is opmerklik, want de gemeente Ljouwert hat in soad muoite dien om it bedriuw hjirhinne te heljen. Sa waard in grutte hal foar it bedriuw kocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)