Novolectriq is fallyt

16 feb 2011 - 11:12

It bedriuw Novolectriq út Ljouwert is fallyt. De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei it fallisemint útsprutsen. De ûntwikkeler fan elektryske auto's soe grutte finansjele problemen hawwe. Kurator Harald van Beilen is noch net beskikber foar kommentaar.

By it Fryslân Development Fûns fan de provinsje binne se bot skrokken fan it nijs. Sy ha ein ferline jier noch in liening fan goed 150.000 euro oan it bedriuw jûn. De kâns is grut dat se dat jild net mear weromkrije kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)