Nova Zembla yn premjêre

22 nov 2011 - 06:15

De film Nova Zembla fan regisseur Reinout Oerlemans is moandeitejûn yn Amsterdam yn premjêre gien. De film beskriuwt de tocht fan de Skylger ûntdekkingsreizger Willem Barentsz. Ien fan de rollen wurdt spile troch Doutzen Kroes. Jochum van der Woude út Hurdegaryp is ek yn de film te sjen. Prins Willem-Alexander en prinses Máxima wiene by de premjêre.

Foar Doutzen Kroes is it de earste filmrol dy't se spilet. Se wie sels benammen benijd nei it oardiel fan har famyljeleden, dy't ek by de premjêre oanwêzich wienen. Jochum van der Woude mocht as earste de reade loper oer. De film, dy't ûnder oare opnaam is op Yslân, is makke yn 3D.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)