Notulen as digitaal lûdsbestân

16 nov 2004 - 16:00

De gemeente Ljouwert ferfangt takom jier alle papieren notulen troch digitale lûdsbestannen. Dy wurde op de ynternetside fan de gemeente set. No wurde alle fergaderingen noch wurdlik úttypt op papier. Mei de digitalisearring moat 50.000 euro besparre wurde.

De gemeente wol foar 48.000 euro laptops oanskaffe foar de riedsleden. Dy kinne dan thús de digitale notulen ôfharkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)