Nôtprizen flink heger

06 aug 2010 - 13:11

De nôtprizen sjitte op it stuit omheech. Dat komt troch de droechte yn East-Europa. Yn Ruslân is in part fan de rispinge ferbaarnd. Dat betsjut dat der minder hannel is en dat it nôt, graan, dus no al hast al in kear sa djoer is as ferline jier.

Foar de Fryske boeren is soks goed nijs: It koarn stiet der hjir op it stuit poerbêst by. Wat de gefolgen binne foar bygelyks de priis fan bôle is noch net te sizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)