Notaris moat priis fêststelle

22 jun 2009 - 12:14

Fryske notarissen moatte ôfspraken meitsje oer de prizen dy't se freegje foar harren wurk. Allinnich op dizze wize kinne notarissen de finansjele swierrichheden dêr't se no ynsitte oplosse. Dit foarstel komt fan notaris Anna de Vries út Oerterp. Se hat begjin dizze moanne de feriening De Nieuwe Stempel oprjochte.

Hieltyd mear notarissen binne in pear jier lyn begûn te stunten mei tariven. Gefolch is dat de measte notarissen no ûnder de kostpriis wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)