Notaris Koelmans langer troch

26 maaie 2009 - 11:57
  • Notaris Koelmans mei nei syn 65e trochwurkje

Notaris Koelmans fan Berltsum mei nei syn 65e trochwurkje. Net om't de rjochter dat bepaald hat, mar om't de wet wizige is. De wiziging stiet yn it Staatsblad dat tongersdei ferskynt.

Koelmans easke oardel wike lyn by de rjochter dat er trochwurkje mei oant syn 70e. Hy wist doe al dat de wetswiziging deroan siet te kommen, mar woe dêr net op wachtsje. De rjochter soe tiisdei útspraak dwaan yn de saak, mar hat dat útsteld nei freed yn ferbân mei de wetswiziging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)