Notaris drukt 1 mln achteroer

06 maaie 2004 - 00:00

Notaris Van Wolde fan Wolvegea hat foar in miljoen euro achteroer drukt. Dêrtroch binne yn alle gefallen mear as 120 minsken en ynstellings dupearre. Dat docht bliken út in dokumentêre fan it tv-programma Zembla. It ûndersyk nei de fraude fan Van Wolde rint noch hieltyd. Fan't hjerst moat hy nei alle gedachten foar de rjochtbank komme.

De yllegale praktiken fan notaris Van Wolde duorren seis jier. Meiwurkers fan syn kantoar ûntdutsen de fraude sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)