Noro-firus yn Waadwente

26 jan 2010 - 16:32
  • De Waadwente wurdt pleage troch it Noro-firus

Yn ferpleechhûs De Waadwente yn Dokkum is it saneamde Noro-firus konstatearre. It is noch net dúdlik hoefolle bewenners dit besmetlike búkgrypfirus oprûn ha. Der binne yntusken maatregels naam troch it ferpleechhûs. Sa wurdt der ekstra tasjoen op de hygiëne en moat bygelyks it mannekoar Pro Rege dizze wike mei har repetysje útwike nei de Fonteintsjerke yn de stêd.

Famylje en kunde fan de bewenners fan De Waadwente binne wol gewoan wolkom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)