Nordwin College yn Ljouwert krijt reptilen fan Fûgelhelling

26 jan 2016 - 15:23

It Nordwin College yn Ljouwert nimt freed in nije terrariumwand foar de reptilen yn gebrûk. De skoalle hat de reptilen krigen fan biste-opfang De Fûgelhelling. Dêr wurde jierliks in hiel soad bysûndere bisten binnen brocht. Guon dêrfan kinne net werom yn de natuer en komme sadwaande yn it bisteferbliuw fan Nordwin. Dêr leare studinten hoe't se se fersoargje moatte.

It bisteferbliuw mei de nije terrariumwand is mei de iepen dagen fan Nordwin iepen foar pubyk. Dy iepen dagen binne kommende freed en sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)