Nordin Gerzic wer by Cambuur wei

10 des 2004 - 00:00

De Sweedske gastspiler Nordin Gerzic hat Cambuur wer ferlitten. Gerzic is wer thús en sil no yn jannewaris besykje om by Volendam in kontrakt te krijen. Gerzic hat wol meispile by de beloften, mar helle it earste net.

Cambuur spilet freedtejûn út tsjin Emmen, de nûmer lêst fan 'e Gouden Gidsdivyzje. Trener De Boer spilet tsjin Emmen mei deselde ploech. Dat betsjut dat Houwing en René van der Weij op de bank begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)