Nordin Amrabat nei Hearrenfean

24 feb 2008 - 18:03

Nordin Amrabat spilet fan takom seizoen ôf foar SC Hearrenfean. De oanfaller fan VVV Venlo tekenet by de Feansters in mearjierrich kontrakt. Amrabat (20) waard ôfrûne seizoen troch VVV oernaam fan FC Omniworld út Almere en hat in prima seizoen. Amrabat skoarde oant no ta seis kear.

De direksje fan Hearrenfean wol de transfer net befestigje, mar de kâns is grut dat Amrabat folgjend seizoen foar Hearrenfean spilet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)