Nordfriisk Instituut yn Noard-Fryslân bestiet 50 jier

25 okt 2015 - 13:52
  • Meiwurkers fan it Nordfriisk Instituut yn Bräist/Bredstedt (NF)

It Nordfriisk Instituut yn Noard-Fryslân bestiet dit jier fyftich jier. It ynstitút jout boeken út oer taal en kultuer fan Fraschlönj yn it noarden fan Dútslân, flakby de Deenske grins. Dêr wurde ferskate Fryske dialekten praat. Dat is sa kaam doe't Friezen út 'ús Fryslân' wei dêrhinne lutsen.

It ynstitút docht fierders oan taalûndersyk en taalkursussen, en it hat in biblioteek. Dêr is ek in kolleksje boeken yn 'ús Frysk'. Ald-haadredakteur fan de LC Jan Tjittes Piebenga liet nei syn dea syn boeken nei oan it ynstitút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)