Nordfeldt ûnder it mes

10 jun 2013 - 17:10

Kristoffer Nordfeldt hat tidens in training mei it Sweedske nasjonale alvetal in meniskusblessuere oprûn. De doelman fan SC Hearrenfean waard gelyk nei it sikehûs brocht en is dêr opereard. Foar Nordfeldt komt de blessuere op in ferfelend momint. De kâns wie grut, dat hy yn de WK kwalifikaasjewedstriid tsjin Faeröer yn 'e basis begjinne soe. Earste doelman Andreas Isaakson is skorst foar dizze wedstriid. De Sweedske bûnscoach hat yntusken twa nije keepers oproppen.

De ferwachting is dat Nordfeldt net lang bûtenspul stiet, dêrtroch komt de tarieding op it nije seizoen net yn gefaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)