Nordfeldt spilet net tsjin VVV

23 nov 2012 - 15:34
  • Nordfeldt

Doelman Kristoffer Nordfeldt is net op tiid hersteld fan syn blessuere om meidwaan te kinnen tsjin VVV-Venlo. De Sweedske doelman hat noch te folle hinder fan syn boppeskonk. Brian Vandenbussche is syn logyske ferfanger.

Trainer Marco van Basten kin yn Venlo ek net beskikke oer ferdigener Pele van Anholt (hamstring). De Boalserter wurdt ferfongen troch Gianni Zuiverloon. Ek Arnold Kruiswijk en Matthew Amoah binne fanwege blessueres net fan de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)