Nordfeldt nije keeper It Fean

06 mrt 2012 - 16:10
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

De Sweed Kristoffer Nordfeldt komt per direkt nei Sportklup Hearrenfean. De 22-jierrige keeper hat hjoed in kontrakt tekene foar de rest fan it seizoen en foar de kommende trije jier. Dêrnei hat de klup noch in iensidige opsje ta mooglike ferlinging.

Nordfeldt komt oer fan Brommapojkarna, dêr't er mear as hûndert wedstriden foar spile. Oardel jier lyn wie Nordfeldt noch te djoer foar de Feansters, no komt er transferfrij nei Fryslân. Hy hat sechstjin kear foar Jong Sweden spile en ien kear foar de nasjonale ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)