Norbruis oan de start op WK oanpast hurdfytsen yn Switserlân

29 jul 2015 - 19:21
  • Alyda Norbruis (argyffoto)

Alyda Norbruis fan Oerterp komt tongersdei yn aksje op it WK oanpast hurdfytsen yn it Switserske Notwill. Der stiet hiel wat op it spul, want by in goed resultaat kinne dielnimmers har kwalifisearje foar de Paralympyske Spelen fan takommend jier yn Rio de Janeiro.

Norbruis stiet om healwei tsienen oan de start fan de 14 kilometer lange tiidrit oer in berchachtich parkoers. Norbruis ferwachtet net dat se winne sil, want hurdfytse yn de bergen leit har net. Boppedat is Norbruis neffens eigen sizzen net ny topfoarm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)