Norbruis fyfde yn tiidrit op WK yn Switserlân

30 jul 2015 - 13:07
  • Alyda Norbruis (argyffoto)

Alyda Norbruis út Oerterp hat tongersdei in fyfde plak helle yn de tiidrit op it WK oanpast hurdfytsen yn Nottwil, Switserlân. Sy lei de 14 kilometer lange tiidrit oer in berchachtich parkoers ôf yn 25.53.13. De winner, Sini Zeng út Sina, hie oardel minút minder nedich.

Norbruis ferwachte yn it foar al net dat se winne soe. Hurdfytse yn de bergen leit har net. Boppedat is Norbruis nei eigen sizzen net yn topfoarm. Sneon stiet noch in hurdfytswedstriid op it program foar de ynwenster fan Oerterp.

Doarpsgenoat Edwin ter Steege docht ek mei oan it WK yn Nottwil. Hy helle woansdei in achtste plak yn de teamwedstriid mei de handbikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)