Norbruis en Bangma dogge mei oan it WK oanpast hurdfytsen

16 feb 2016 - 16:39
  • Alyda Norbruis (hjir yn Apeldoorn)

Alyda Norbruis fan Oerterp en Tristan Bangma út Donkerbroek binne troch bûnscoach Eelke van der Wal selektearre foar de wrâldkampioenskippen oanpast hurdfytsen. Alyda komt op trije ûnderdielen út: 500 meter, 3000 meter en scratch. Ferline jier pakte se trije kear goud op it WK yn Apeldoorn.

Tristan Bangma komt mei piloat Teun Mulder mei de tandem út op de 1000 meter en de sprint. It WK is fan 17 oant en mei 20 maart yn Montichiari, Italië.

Yn Italië kinne de hurdfytsers har ek kwalifisearje foar de Paralympyske Spelen yn septimber yn Brazilië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)