Noppert yn tredde kwartfinale Finder Darts Master

06 des 2015 - 10:28
  • Danny Noppert op it poadium

Darter Danny Noppert fan De Jouwer spilet sneintemiddei de tredde kwartfinale fan it dartstoernoai Finder Darts Masters tsjin de Ingelsman Darryl Fitton. Noppert helle sneon de kwartfinale yn it toernoai yn Egmond oan See. Hy ferlear mei 5-4 fan regearjend Lakeside-kampioen Scott Mitchell, mar op basis fan it resultaat yn 'legs' is de Jouster dochs troch.

Noppert rûn al fluch út nei in 3-0 foarsprong yn de wedstriid. Mitchell kaam werom oant 4-4. In njoggende leg moast útslach bringe. Mei in finish fan 81 pakte Mitchell de oerwinning.

De Finder Darts Masters is it grutste televyzjetoernoai fan Nederlân. It wurdt it hiele wykein útstjoerd troch RTV Noord-Holland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)