Noppert wint ek fan Robson op Winmau World Masters

09 okt 2015 - 16:10

Darter Danny Noppert hat freed yn it Ingelske Hull foar in sensaasje soarge troch Gary Robson út te skeakeljen op 'e Winmau World Masters. De 24-jierrige Jouster wûn by de lêste 32 mei 3-1 yn sets fan de Ingelske topper. Noppert smiet finishes fan 105 en 125 út op wichtige mominten en koe sadwaande de winst pakke.

Sneontemiddei spilet Noppert yn de achtste finales fan it toernoai yn Hull tsjin Thomas Junghans. De Winmau World Masters is ien fan de wichtichste televyzjetoernoaien yn it darten. Eurosport stjoert de wedstriden út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)