Noordned-UR lit personiel stikke

17 sep 2004 - 12:09

De Undernimmingsried fan Noordned moat him mear ynsette foar de fjirtich minsken dy't dien krije. Neffens Reinder Hoekzema, de eardere bemiddeler yn it konflikt mei direkteur Braam, is der ferlet fan in goed sosjaal plan.

Dyselde Noordned-UR woe Hoekzema mei in in soad foech yn 'e direksje hawwe, mar de direksje woe dêr net oan. No is kommissaris Van der Hoek nei foaren ta skood as bemiddeler. UR-foarsitter De Jong is net ûntefreden mei dy kar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)