Noordned ek lêst fan blêden

12 nov 2003 - 00:00

Noordned warskôget treinreizgers foar mooglike fertragingen. Yn ferbân mei blêden op it spoar moat der rekken mei hâlden wurde. It materieel fan de ferfierder hat, lykas de NS, bot lêst fan de glêde substânsje op it spoar dy't troch de blêden ûntstiet.

Fral by it fuortgean en it oankommen is der gefaar op trochglydzjen. Om dat te kearen moatte de tsjillen faker yn ûnderhâld en kin Noordned minder treinen ynsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)