Noordned docht 'besmet wurk'

21 jan 2003 - 00:00

De aksje fan skjinmakkers rint út 'e hân as tiisdeitejûn wer staakt wurdt. Dat ferwachtet fakbûn FNV. De skjinmakkers fiele harren provosearre troch Noordnedmeiwurkers dy't de treinen no skjinmeitsje. It bûn makke tiisdei bekend dat de staking in dei langer trochgiet.

De ferfierder hellet lykwols sels tiisdei de ôffalbakken leech en makket de húskes skjin. Dat is nedich om't der wolris drugsspuiten lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)