Noordned bliuwt yn Fryslân

05 nov 2003 - 00:00

NoordNed bliuwt de kommende jierren nei alle gedachten ferantwurdlik foar it treinferkear yn Fryslân. De ferfierder en de provinsje ûnderhannelje oer in nij kontrakt foar fjirtjin jier.

Noordned is de iennichste partij dêr't mei praat wurdt oer de oanbesteging. De partijen hoopje der dit jier út te wêzen. Dat moat ek om't takom jier dit saneamde ûnderhâns ûnderhanneljen net mear mei. Dan is inkeld iepenbiere oanbesteging noch tastien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)