Noordgat: net iens mei krityk

18 sep 2013 - 10:43
  • Ien fan 'e skippen fan rederij Noordgat

Rederij Noordgat fan Skylge is it net iens mei de krityk fan de Koninklijke Nederlandse Reddings Maatschappij, de KNRM. De rêdingsmaatskippij hat it konvenant út 1998 mei it sleep- en bergingsbedriuw Noordgat fan Skylge opsein. Meiwurkers fan de KNRM soene yntimidearre wurde troch minsken fan Noordgat. Fierder soe der in fijannige hâlding wêze fan it bedriuw en soe der sprake wêze ûnparlemintêr taalgebrûk. Neffens Noordgat ha der in pear lytste ynsidinten west, mar dat komt ek omdat de KNRM him net oan de ôfspraken hâldt.

Rederij Noordgat rint jierliks hûnderttûzenen euro's oan ynkomsten mis omdat de KNRM bergingsklussen fuortkaapt. Dat lit de rederij witte yn reaksje op it opsizzen fan it konvenant troch de KNRM. De rederij hat in rjochtsaak tsjin de rêdingsmaatskippij oanspand. Se wolle dat tsjûgen heard wurde oer de ynsidinten dy't west ha. Noordgat fynt dat de rêdingsmaatskippij misbrûk makket fan har posysje dy't jûn is troch de kustwacht. Neffens Noordgat rjochtet de KNRM him net allinnich mear op it rêden fan minsken, mar tefolle op taken dy't by Noordgat thús hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)