Noorderzijlvest wol fusearje

28 nov 2013 - 15:28
  • Wetterskip Noorderzijlvest

It Grinslanner wetterskip Noorderzijlvest ûndersiket de mooglikheden foar in fúzje. Ien fan de kandidaten foar sa'n fúzje is Wetterskip Fryslân. Dat meldt RTV Noord. Dykgraaf Bert Middel wol dêrmei foarútrinne op kommende bestjoerlike feroarings. In fúzje mei wetterskip Hunze en Aa leit it meast foar de hân. Mar in fúzje mei Wetterskip Fryslân wurdt net útsletten.

Middel tinkt dat de wetterskipslêsten nei in fúzje better yn 'e hân hâlden wurde kinne. In beslút oer in mooglike fúzje wurdt yn alle gefallen net foar maart 2015 ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)