Noarderljocht yn noarden fan Fryslân te sjen

18 mrt 2015 - 10:16
  • Noarderljocht by Harns

Yn it noarden fan Fryslân wie tiisdetejûn op ferskate plakken it noarderljocht te sjen. Der kamen meldings út Lauwerseach, Ternaard, Swarte Haan en de Ofslútdyk. Mei it bleate each kin it kleurige ljochtferskynsel oan de himel net goed waarnommen wurde. In fotokamera mei in lange slutertiid registrearret it better. Noarderljocht ûntstiet as by in sinnestoarm laden dieltsjes fan de sinne it heelal yn slingere wurde.

It poalljocht wie ek yn Grinslân en Noard-Hollân te sjen, en op oare plakken yn Nederlân oant yn Gelderlân ta.


Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)