Noorderbrêge Ljouwert ticht

10 sep 2006 - 11:12

Troch in defekt kin der dit wykein gjin ferkear oer de Ljouwerter Noorderbrêge. De stremming duorret seker oant moandeitemoarn njoggen oere. Ferkear moat omride fia de Vrouwepoortsbrêge.

De Noorderbrêge rekke yn de rin fan sneontemiddei stikken. Nei ûndersyk die bliken dat der wat mis wie mei in lager yn de oandriuwkast. Om fierdere skea foar te kommen is de brêge iepen setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)