Noord 4 Work: Manifest foar bettere arbeidsmerk yn Noarden

29 apr 2015 - 11:48
  • It haadkantoar fan de Europeeske Kommisje yn Brussel

Ljouwert, Grins, Emmen en Assen en de trije provinsjes hawwe in manifest opsteld dêr't se de arbeidsmerk mei ferbetterje wolle. Der is ûndersyk dien nei de arbeidsmerk yn it Noarden. Mei de útkomsten wolle de oerheden tegearre mei it bedriuwslibben aksje ûndernimme mei as tema Noord 4 Work.

It gearwurkingsferbân mei de namme Landstad Noord Nederland set fierder yn op ynnovaasje en it fierder ûntwikkeljen fan ynternasjonale netwurken. De oerheden hawwe ûnder oare in fertsjintwurdiger yn Brussel foar lobbywurk by de Europeeske Kommisje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)