Nonnetje fuort út waarmer Waad

02 jun 2009 - 21:52

It fuortbestean fan it skulpdier nonnetje yn de Waadsee stiet slim ûnder druk troch it waarmer wurden fan it seewetter. It ûndersyksynstitút NIOZ op Teksel konkludearret dat nei in ûndersyk dat 40 jier duorre hat.

Doe leine se by hûnderten de kante meter op de seeboaiem, tsjintwurdich binne it der net mear as 10 de kante meter. Fûgelsoarten as de mients (kanoetstrandloper) rinne yn oantal werom troch it ferdwinen fan it nonnetje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)