Nonnen even werom yn kleaster

30 sep 2001 - 00:00

Sneon hawwe seis nonnen, dy't tsientallen jierren yn it Karmelkleaster yn Drachten wenne ha, nei acht jier wer even werom west. Om mekoar te sjen, mar foaral ek foar de skilderije-eksposysje 'Sister Art' dy't sneon iepene is.

De tentoanstelling bestiet út 40 portretten fan de susters. Dit is frij bysûnder omdat nonnen gewoanlik net in protte yn de belangstelling stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)