Non-stop Fryske muzyk by Omrop

14 maaie 2010 - 19:45
  • Gebou Omrop Fryslân

Omrop Fryslân set út ein mei in nije Fryske muzykstjoerder op ynternet. Under de namme Omropnonstop.nl kin elkenien yn de takomst 24 oeren deis Fryske ferskes hearre. Mei de nije ynternetstjoerder wol Omrop Fryslân de Fryske muzyk in grutter poadium jaan.

Yn jannewaris fan dit jier stjoerde Omrop Fryslân as eksperimint de Fryske Top 100 út op ynternet. Dat waard in grut súkses. Deputearre Jannewietske de Vries sil takom wike freedtemiddei it startsein jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)