Nominearren Undernimmer 2004

11 mrt 2005 - 17:46

Foar de titel Fryske Undernimmer fan it Jier 2004 binne trije bedriuwen yn de striid. It giet om de Dokkumer Flaggesintrale, fytsefabryk Batavus op It Hearrenfean en printerij Van der Eems yn Easterein.

De priisútrikking is op 12 april yn Ljouwert. De trije nominearren moatte antwurdzje op fragen fan in faksjuery. Yn dy sjuery sitte âld-direkteur Olijslager fan Friesland Foods, Jos Pacques fan Balk en deputearre Bijman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)